Wilhelmina foar Malawi

Do silst fêst wol witte dat ik yn 2018 nei Malawi west bin. No ha ik bjusterbaarlik moai nijs: yn 2020 gean ik wer!
 
Om jild byinoar te garjen ferkeapje ik Wilhelmina pipermunt. Foar €2,50 kinst in doaske keapje. Keapest der twa, dan binne se foar €4,00 foar dy! Bist in alderferskuorrendst grutte fretsak, dan ha ik ek noch wol in grutte doaze foar dy lizzen. Foar €20,- hast dan 12 lytse doaskes yn ien grutte doaze.
 
Ynteresse? Klik hjir om dyn bestelling te dwaan, of lit in reaksje achter!