De jonge dy’t de wyn yn syn foardiel brûkte

Wa’t my kin, wit dat ik yn 2018 yn Malawi west bin. Doe’t ik hearde fan in film dy’t him dêr ôfspilet, wie ik fansels fuortendaliks entûsjast. De film hjit “The Boy Who Harnessed The Wind” en fertelt it ferhaal fan William Kamkwamba, in jonge dy’t in wynmûne bout om it tekoart oan iten yn syn doarp tsjin te gean. De film is op in wier bard ferhaal basearre.

Oer de film

Image result for the boy who harnessed the wind netflixWilliam Kamkwamka wennet yn in earm doarpke yn ‘e buert fan Kasungu. De minsken buorkje om oan iten te kommen, mar de drûchte slacht ta. Der is net mear genôch iten foar elkenien, wat derfoar soarget dat de regearing it beskikbere iten op rantsoen set. Minsken stelle iten fan inoar, oaren ferlitte it doarp. William syn heit hat net mear genôch jild om de skoalle te beteljen.

Troch stikem yn de skoalbibleteek boeken te lêzen komt William mei in idee om dochs wetter oer de ikkers te krijen. Mei in wynmûne kin er in elektryske wetterpomp oandriuwe, dy’t wetter oer de ikker ferspriedet. Om dit te dwaan hat er wol de fyts fan syn heit nedich, dy’t dat earstoan net tastiet. Uteinlik stiet syn heit it dochs ta, en soarget William derfoar dat de minsken yn it doarp wer iten ferbouwe kinne.

Sjen of net?

Image result for the boy who harnessed the wind movie

Dêr kin ik hiel koart oer wêze: seker dwaan! It is in bjusterbaarlik moaie film, en neist it ferhaal jout de film ek in goed byld fan de omjouwing en it libben yn Malawi. De film is allinne op Netflix beskikber, it is net mooglik om de film yn de bioskoop te sjen of op DVD/Blu-ray te keapjen.