De grutste fraach oer abortus

Is abortus goed, of is it ferkeard? It is de grutte fraach dy’t ferlern gien is yn in sosjaal debat wêrby’t de fokus allinne mar op legaliteit leit. Mar lit dat lêste no krekt net de meast belangrike fraach wêze. De belangrykste fraach oer abortus is oft it moreel wol of net ferantwurde is. As we dizze fraach beantwurdzje kinne, komt de fokus op legaliteit fansels wol. 

Litte we it ha oer ien fan de meast emosjoneel beladen ûnderwerpen dy’t der binne: abortus. Mar dan sûnder de emoasje. Litte we it dêrneist net oer de fraach dy’t it faakst steld wurdt hawwe: Soe abortus legaal of yllegaal wêze moatte? De iennichste fraach hjir is de morele: Falt it meitsjen fan in ein oan it libben fan in minsklike foetus etysk te ferantwurdzjen?

Persoan of net?

Image result for fetusLitte we mei dizze fraach begjinne: Hat de minsklike foetus wearde en rjochten? Om te begjinnen: It is in wittenskiplik bewiisd feit dat in minsklike foetus minsklik libben is. Minsken dy’t argumintearje dat in minsklike foetus gjin rjochten hat, sizze dat in foetus gjin persoan is. Mar sels wannear’tst dat leaust, betsjut dat net dat de foetus gjin yntrinsike wearde of rjochten hat. Der binne in soad libjende wêzens dy’t wy net as persoan beskôgje, mar dy’t wol fan yntrinsike wearde binne en rjochten hawwe. Tink dêrby bygelyks oan hûnen en oare bisten. Dat is it earste morele argumint: In libjend wêzen hoecht gjin persoan te wêzen om fan yntrinsike wearde te wêzen en rjochten te hawwen.

Wa of wat bepaalt de wearde?

Wannear’t minsken dit argumint foar de kiezen krije, wolle se noch wol gauris it ûnderwerp nei de rjochten fan de mem ferskowe. Dat hâldt yn it rjocht fan de mem om in ein te meitsjen oan it libben fan har foetus ûnder elke omstannichheid, om hokker reden dan ek, en op elk momint fan de swangerskip. Is dat moreel ferantwurde? Dat is it allinne as wy leauwe dat de minsklike foetus net fan yntrinsike wearde is. Mar yn de measte gefallen leaut hast elk minsk dat de minsklike foetus in ûneinige wearde en in absolút rjocht ta it libben hat. No silst fêst tinke: “wannear dat?” It antwurd is ienfâldich: wannear’t de swangere frou it bern hâlde wol. Yn dat gefal sjocht de maatskippij en har wetten de foetus as sa ferskriklik weardefol dat as ien dy foetus fan kant meitsje soe, dy persoan foar moard of deaslach ferfolge wurde kin. Allinne yn it gefal dat de swangere frou it bern net hâlde wol, beskôgje in soad minsken de foetus as eat sûnder wearde. Slacht dat earne op?

Fansels net! It is ien fan twaen: in foetus hat wearde, of in foetus hat gjin wearde. Dit is it twadde argumint: Op hokker grûn bepaalt de mem allinne de wearde fan de foetus? Dat dogge wy dochs ek net mei in bern dy’t krekt berne is? It is de maatskippij, net de mem (of foar myn part de heit) dy’t bepaalt oft de poppe wearde en rjocht ta it libben hat.

Image result for my body my choiceDe fraach is dus: Wêrom soe dat oars wêze moatte salang’t it bern noch net berne is? Wêrom bepaalt ien persoan, de mem, oft dat minsklik wêzen rjocht ta it libben hat? Minsken jouwe op dizze fraach meastentiids it antwurd dat de frou it rjocht hat om te bepalen wat der mei “har lichem” bart. Dat is hielendal wier! It probleem hjir is allinne dat de foetus gjin ûnderdiel fan “har lichem” is. It sit wol yn har lichem, mar dat is net itselde. It is in apart lossteand lichem. Dêrmei binne wy ek al by it tredde argumint belanne. Net ien freget oan in frou dy’t yn ferwachting is: “Hoe giet it mei dyn lichem?”, wannear’t se nei de foetus freegje. Minsken freegje: “Hoe giet it mei de poppe?”

Argumint nûmer fjouwer: Sa goed as elkenien is it iens dat sadree’t de poppe út de búk komt, it deadzjen fan it bern moard is. Mar it opsetlik deadzjen fan it bern in pear moannen foar de befalling wurdt moreel net beswierliker sjoen as it lûken fan in kies. Wêr slacht dat op?

“We cannot diminish the value of one category of human life -the unborn- without diminishing the value of all human life.” -Ronald Reagan

Seleksje

Related image

Dan komme we by it lêste argumint oan, argumint nûmer fiif: Binne der gjin gefallen wêryn’t suver elkenien, sels wa’t foar abortus is, tajaan soe dat in abortus moreel ûnferantwurde is? Soe it bygelyks moreel ferantwurde wêze in froulike foetus te abortearjen omdat de mem leaver in jonge hat, lykas yn Sina in soad bart? Of noch in foarbyld: Stel dat de wittenskip eat útfynt wêrtroch’t we foar de befalling sjen kinne oft in bern yn de búk op it oare of op it eigen geslacht falt. Soe it dan moreel ferantwurde wêze om in homoseksuele foetus te deadzjen omdat de mem leaver gjin flikker as bern hat?

Konklúzje

Minsken sille fêst mei praktyske redenen oansetten komme om net alle abortussen te kriminalisearjen. Minsken sille fan miening ferskille oer wannear’t ien no in persoan is, en oer de moraliteit fan abortus nei ferkrêfting of ynsest. Mar as we nei de mearderheid fan de abortussen sjogge, wêrby sûne froulju in sûne foetus deadzje, kinne we mar ta ien konklúzje komme: Dizze abortussen falle moreel net te ferantwurdzjen.

De hjoeddeiske maatskippij is sa selssuchtich as it mar kin, en wurdt dêrtroch blyn foar de wierheid. Minsken, mar ek politike partijen fan links nei rjochts, binne net ynteressearre yn arguminten dy’t op bewiisde feiten basearre binne. Minsken tinke allinne mar oan harrensels, en it kin hja neat ferrekke oft dat no moreel of ymmoreel is.

In goede maatskippij kin ymmorele dieden oerlibje. Mar in goede maatskippij kin net oerlibje wannear’t it ymmorele dieden as moreel beskôget.